24-oers skoalle yn Harich

Op it terrein fan de âlde gersdroegerij yn Harich komt in 24-oers skoalle. Dat hat de provinsje bekend makke. Op de skoalle wurde 96 jongeren út hiel Nederlân opfongen. Sy binne yn it gewoane ûnderwiis fêstrûn.
Earder wie natuergebiet De Wyldemerk yn byld foar de festiging, mar tsjin de komst dêr wiene tefolle beswieren. Takom hjerst wurdt begûn mei it slopen fan de gersdroegerij. De bou fan de skoalle moat yn 2008 klear wêze.