Boarg. Cazemier ferfangt Lyklema

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel wurdt waarnimmend boargemaster yn Achtkarspelen. Boargemaster Lyklema is troch sykte in pear moanne út de rûlaasje. Nei oerlis mei de fraksjefoarsitters hat kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels dit besletten.
De kommissaris hat hjirby ek sjoen nei de gearwurking dy't der tusken beide gemeenten is yn NOFA-ferbân. De waarnimming sil nei alle gedachten duorje oant 1 jannewaris 2007.