'Maatregels nommen op feemerk'
De situaasje op de feemerk yn Ljouwert is allang ûnder kontrôle. De filmbylden fan de Stichting Dierenrecht Nederland binne fan augustus en fuort dernei binne der maatregels troffen. Dat seit Andries Kingma, foarsitter fan de Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland.
Woansdei lei syn kollega Max Brinksma al syn bestjoerfunksjes del om't te sjen wêze soe dat hy in ko slim mishannelet.