Efterstân ûnderwiis minder grut

© Omrop Fryslân
It Fryske ûnderwiis hat noch altyd in achterstân yn ferliking mei de rest fan it lân. Mar it ferskil is minder grut as fjouwer jier lyn. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it ûnderwiiskânseplan.
Dat is in projekt dêr't 30 swak prestearjende basisskoallen oan meidien ha, mei as doel it ferbetterjen fan it ûnderwiis. Fan de 30 skoallen stean 20 net mear ûnder tafersjoch fan de ûnderwiisynspeksje.