Strawelte wer by inoar

11 okt 2006 - 16:06

De Fryske rockband Strawelte is wer by inoar. De band dy't ein jierren '80 hiel suksesfol wie mei har rûge muzyk wurdt nij libben ynblaasd. En no mei de komplete orzjinele besetting.

Gitarist Paul Alma hie earder al plannen wer te begjinnen mei de band. De oare bandleden fielden dêr doe net safolle foar. Alma soe it sukses fan Strawelte útmelke wolle, sa waard sein yn de media. De band hat no om tafel sitten en de kjeld is út de loft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)