'Boeren moatte gearwurkje'

Boerebedriuwen moatte mear gearwurkje. Dat sei minister Veerman fan Lânbou woansdeitemiddei yn Holwert. Neffens de CDA-minister is it goed as meardere bedriuwen mei inoar oerlis hawwe.
Sa kin in bedriuw yn de ikkerbou bygelyks profyt ha fan de feefokkerij. Veerman wie hjir op útnoeging fan de provinsjes Drinte, Grinslân en Fryslân. Yn in buorkerij yn Holwert kaam er yn de kunde mei ferskate plattelânsprojekten.