Max Brinksma leit funksje del

11 okt 2006 - 14:43

Foarsitter Max Brinksma fan de Fryske ôfdieling fan de Nederlandse Bond van Handelaren in Vee, NBHV, leit al syn bestjoersfunksjes del. Hy wachtet in ûndersyk nei mooglike ûngeregeldheden op de Ljouwerter feemerk ôf.

De namme fan Brinksma wurdt hjirmei yn ferbân brocht. It Iepenbier Ministearje bestudearret op it stuit bylden fan de Dierenrecht Nederland, dy't earder dit jier makke binne op ûnder oare de Ljouwerter feemerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)