'Utwreiding haven net útslute'

Wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW-Noard fynt dat de haven fan Harns troch de Twadde Keamer behannele wurdt as in tredderangs haven. Yn in debat yn de Twadde Keamer ôfrûne moandei, die bliken dat it kabinet him bliuwt fersetten tsjin de ferromming fan de mooglikheden foar Harns.
VNO/NCW is ûngerêst oer dy beheining fan de ekonomyske ûntjouwing. Sy pleitsje derfoar om de útwreiding fan de haven net yn it foar út te sluten.