Oanriding mei ko by Eanjum

11 okt 2006 - 10:31

In 28-jierrige automobilist út Moarre is tiisdeitejûn op de Saatsenwei by Eanjum ferwûne rekke by in oanriding mei in ko. It bist dat losbrutsen wie, stuts ynienen de dyk oer. In oanriding wie it gefolch.

Troch de klap skeat de bestjoerder mei syn auto nei links, rekke de achterkant fan in trekker en kaam ta stilstân yn in sleat. De man út Moarre is oerbrocht nei it sikehûs. De ko hat it net oerlibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)