Jild foar rûnwei om Wâldsein
De provinsje stekt 8,3 miljoen euro yn de rûnwei fan Wâldsein. De rûnwei wurdt oansletten op de dyk tusken Snits en Spannenburch. Dêrfoar moat in nije brêge oer de Wellesleat boud wurde.
Der wurdt al boud oan it nije akwadukt dat ûnderdiel is fan de rûnwei. Ein 2008 moat it wurk dien wêze.