Minder útkearings yn SW-Fryslân

© Omrop Fryslân
Sûnt begjin dit jier hat mear as 10 persint fan de wurkleazen yn Súdwest- Fryslân wurk fûn. Dat docht bliken út sifers fan de yntergemeentlike sosjale tsjinst fan de seis gemeenten. In team fan selsstannich ûndernimmers op re- yntegraasjemêd begeliedt de wurksikers.
Sadwaande binne dit jier 108 útkearingsgerjochtichden oan wurk holpen. Doel is dat der oan it ein fan it jier 15% minder minsken yn de bystân sitte.