Frjentsjer net troch mei Overweg

Niels Overweg hat dien krigen as trainer fan Sportklup Frjentsjer. Der is neffens it bestjoer te min fertrouwen om mei inoar troch te gean.
Overweg kaam ôfrûne snein negatyf yn it nijs omdat er yn it skoft fan de tredde klas wedstriid Frjentsjer - Stiens yn de noas biet fan Stiens- spiler Christiaan de Jong. De arbiter staakte dêrnei de wedstriid. It bestjoer fynt dat Overweg it algemien belang fan de klup skea dien hat.