Personiel megagaslieding socht

© Omrop Fryslân
De oannimmersbedriuwen dy't wurkje oan 'e oanlis fan in gaslieding fan Grypstsjerk nei Warkum hawwe ferlet fan slipers en oar meiwurkers. As dy der net komme, is de put mooglik net op 'e tiid klear.
Nije wurknimmers binne dreech te finen. De ekonomy lûkt oan en der is aardich wat wurk. Der wurkje no oant santich slipers. Dy helpe mei om de 80 kilometer gastransportlieding oan te lizzen.