Te min lesboekjes Frysk

10 okt 2006 - 12:05

De Afûk hat in tekoart oan twa fan de wichstichste neislachwurken foar de kursussen Frysk. It giet om de boeken Stavering en Tiidwurden. By fersin binne der te min eksimplaren fan printe, wylst de lessen ferline wike út ein set binne.

Der binne ûnderwilens al nije boeken besteld by de printer. Nei ferwachting kinne dy oer fjirtjin dagen levere wurde. De taalkursussen Frysk gean gewoan troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)