Himpkwekerij midden yn Hallum
De plysje hat yn in wenhûs oan it Spokepad yn Hallum in himpkwekerij oprôle. Yn it hûs stiene tûzen wytplantsjes. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch tips. De twa bewenners fan it hûs binne oanhâlden.
Yn it hûs wie sprake fan in gefaarlike sitewaasje om't der yllegaal stroom ôftape waard. Soks kin brân ta gefolch hawwe.