Tal bioboeren gelyk bleaun

10 okt 2006 - 11:17

It tal biologyske bedriuwen yn Fryslân is yn de earste helte fan dit jier gelyk bleaun. Dat is oars as it lanlike byld. Oer hiel Nederlân is it tal biologyske bedriuwen krekt ôfnommen. Dat komt ûnder oare troch de ekonomyske resesje en troch de supermerkoarloch.

It oanbod fan biologyske lânbouprodukten is net lytser wurden. De reden dêrfoar it dat bedriuwen dy't oerbliuwe, hieltyd grutter wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)