Ferset tsjin wynmûnen Bûtenpost

10 okt 2006 - 10:35

Yn Bûtenpost is ferset tsjin de bou fan wynmûnen by it spoar. In groep ynwenners hat beswier oantekene by de gemeente Achtkarspelen. Se binne benaud foar wearderfermindering fan de huzen en lûdsoerlêst. Fierders soe it plan yn striid wêze mei it rekreaasje- en toerismebelied.

Ien beswiermakker wol op it plak fan de mûnen in pankoekhûs begjinne. Of't de wynturbines der komme, hinget noch ôf fan in helberensûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)