Liuwehert op mp3

10 okt 2006 - 07:38

Teaterselskip Tryater en de Afûk komme foar it earst mei in Frysktalich mp3-boek. It giet om in saneamd hark- of lústerboek dat op de kompjûter of in mp3-spiler ôf te spyljen is.

It boek heart by de Tryaterproduksje Liuwehert dy't ein desimber yn premjêre giet en is ek bedoeld om op skoalle te brûken. It boek is yntegraal ynsprutsen troch akteur Jan Arendz. Liuwehert is in boek fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)