Provinsjehûs lytser en better
Op it Provinsjehûs wurkje oer 4 jier mooglik wol 100 amtners minder, mar der moat wol itselde wurk dien wurde. Dat stiet yn de nota 'lytser en better'. It provinsjebestjoer wol oer 4 jier alle jierren 10 miljoen euro minder útjaan oan amtners en húsfesting. Der falle gjin twongen ûntslaggen.
Neffens deputearre Ploeg sit de winst yn koartere prosedueres en yn it ynhieren fan bedriuwen.