'Opstappen Brinkman ûnnedich'

20 mrt 2012 - 15:48
  • Hero Brinkman

Yn neifolging fan PVV-partijlieder Geert Wilders fynt ek Otto van der Galiën it opstappen fan Hero Brinkman út de Twadde Keamer 'in tryst momint en ûnnedich". It kabinet fan VVD en CDA kin mei de gedoochstipe fan de PVV wol gewoan trochgean, fynt Van der Galiën, PVV-fraksjefoarsitter yn de Fryske steaten.

Hero Brinkman makke tiisdei bekend út de Keamerfraksje fan de PVV te stappen. Hy fynt dat de PVV mei syn meldpunt foar East-Europeanen minksen fuortset. Ek fynt er dat der te min demokrasy yn de partij is.

Foarsitter Martin Schellenberg fan de PvdA yn Fryslân fynt dat it tiid is foar nije ferkiezings, no't Hero Brinkman út de PVV stapt is. "In gedoger dy't in gedoochpartij stipet" is net goed foar Nederlân, sa seit Schellenberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)