Drachtster pakt om autostellerij

09 okt 2006 - 16:52

In ynwenner fan Drachten hat mei fiif oaren in soad jild fertsjinne oan it ferkeapjen fan djoere hierauto's yn it bûtelân. In spesjaal plysjeteam hat de manlju oanhâlden yn de haven fan it Frânske Marseille.

It ûndersyk begûn yn novimber ferline jier. Tongersdei is de earste rjochtsaak tsjin de binde. Der binne twa Drachtsters oanhâlden. Ien fan beiden wie de lieder. Derneist bin 20 oaren oanhâlden yn it hiele lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)