Efterstânsjongeren moatte sporte

© Omrop Fryslân
De fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân krije 400.000 euro foar de oanpak fan efterstannen by de jeugd. Dat bart troch sportaktiveiten. It ministearje fan Folkssûnens stipet it plan mei saneamde BOS-subsydzje. Dat stiet foar Buert, Underwiis en Sport.
De gemeenten krije it jild foar de projekten High Five for Kids en High Five for Sports. Der wurde in soad aktiviteiten organisearre op skoallen en yn 'e buert.