Kâns foar seehaven Harns

09 okt 2006 - 13:53

De kâns dat der dochs in bûtendykse haven by Harns oanlein wurdt, nimt ta. Moandei wurdt yn de Twadde Keamer praat oer de saneamde PKB-Waadsee. Dêryn stean ôfspraken om it kwetsbere Waadgebiet te beskermjen.

Earder is ôfpraat dat de Harnzer haven net útwreide wurde mei. CDA en PvdA lykje op dat stânpunt werom te kommen. Se tinke dat de seehaven goed is foar de ekonomyske ûntjouwing fan Harns en omkriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)