Glês en papier net mear ophelle

© Omrop Fryslân
Skarsterlân hâldt op mei it hûs-oan-hûs ynsammeljen fan glês, papier en blik mei de spesjale miljeuwein. Dat wurdt dien om't de gemeente op de sammelkosten besunigje wol.
Glês, papier en blik moat no nei sintrale sammelpunten brocht wurde. Troch dat nije systeem kinne ek de ôffalkosten foar de ynwenners ferlege wurde. De miljeuwein fan Skarsterlân hat tolve jier lang smoargens ophelle.