VVD wol Van Mourik yn Steaten ha

De âld-Ljouwerter wethâlder Tom van Mourik is de nije foarsitter dy't de VVD-steatefraksje op it each hat. Van Mourik stiet op plak twa op de list, achter kandidaat-deputearre Ton Baas. De steateferkiezings wurde hâlden yn maart fan takom jier.
De earste seis kandidaten op de VVD-list binne allegear nijkommers. De no sittende steateleden wiene net langer beskikber of hiene gjin tiid mear foar de wurksemheden.