Manlju ride troch nei ûngelok

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei by Twizel twa manlju oanhâlden om't se trochriden wiene nei in ûngelok. Ien fan beide wie ûnder ynfloed fan drank en ferlear op de Ryksstrjitwei de macht oer it stjoer.
De auto mei in oanhingwein kaam yn 'e middenberm telâne. De manlju binne nei it ûngelok fuortgien. Mei help fan tsjûgen koene de twa letter op 'e dei opspoard wurde. Se hawwe in proses-ferbaal krige.