SP wol wer mei potlead stimme

De SP yn Noardeast-Fryslân wol wer mei it reade potlead en papier stimme. Dat as de gemeente Kollumerlân net garandearje kin dat fraude mei stimkompjûters ûnmooglik is.
De partij makket him grutte soargen nei in útstjoering fan tv-programma EénVandaag. Dêryn waard sjen litten hoe ienfâldich der fraude pleegd wurde kin mei de stimkompjûter. Wat de SP docht as bliken docht dat der gjin garânsje jûn wurde kin, is net dúdlik.