Rêddraaier oppakt yn Bûtenpost

08 okt 2006 - 16:30

De plysje hat sneontenacht in 17-jierrige jonge út Burgum oanhâlden foar wapenbesit en dwers gedrach. Yn it midst fan de nacht ûntstie reboelje yn de Tsjerkestrjitte yn Bûtenpost.

Twa groepen drigen mei inoar op de fûst te gean. De fertochte daagde dêrby de oare groep út. De plysje easke fan de jonge dat er fuortgong. Dat die er lykwols net, sadat er oanholden waard. By syn oanhâlding waard in wapenstok fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)