Oanriding mei opset sin

08 okt 2006 - 16:17

De plysje docht ûndersyk nei in oanriding by winkelsintrum de Sintrale yn Ljouwert. Neffens in famke (17) út Marsum waard se mei opset sin oanriden troch in autobestjoerster. Der wie yrritaasje ûntstien trochdat de auto even wachtsje moast.

De auto hie yn it foarbyriden sawol it famke as har mem rekke. De automobilist hold in pear meter fierder stil. Doe't se oansprutsen waard, ried se gau fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)