Smellingerlân hâldt jild oer

08 okt 2006 - 14:08

De gemeente Smellingerlân hat dit jier 2,5 miljoen euro oerholden. De gemeente hat mear jild fan it Ryk krigen, om't der mear húshâldens mei in leech ynkommen teld binne.

Oare meifallers binne it gruttere tal learlingen en mear jild foar it spesjaal ûnderwiis. Smellingerlân profitearret ek fan in heger dividind dat útkeard wurdt troch de 'Bank Nederlandse Gemeenten'. It oerskot giet foar in part nei de reservepot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)