Littenseradiel hat tekoart

08 okt 2006 - 14:01

De gemeente Littenseradiel hat foar takom jier in tekoart fan 117.000 euro. Om dat op te lossen, wurde de reserves oansprutsen. Foar 2008 is der ek in tekoart besifere, mar dan fan goed 60.000 euro. De jierren dêrnei bliuwt Littenseradiel yn de plus.

Dy ferwachting stiet yn de programmabegrutting foar de kommende fjouwer jier. Littenseradiel sil ynkoarten útlizze hoe't de gemeente omgean wol mei de reserves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)