The Secret wint Liet 2006

08 okt 2006 - 12:54

De band The Secret is winner fan it Fryske sjongfestival Liet wurden. Liet wie sneontejûn yn de Harmonie yn Ljouwert. Hast alle acht leden fan de faksjuery joegen de measte punten oan de Ljouwerter formaasje.

Lykas ferline jier koe it publyk ek wer stimme op it moaiste nûmer. Dat keas foar it frouljusduo Ree. De famkes krigen pas ôfrûne tongersdei te hearren dat se meidwaan mochten oan it festival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)