Dollenkamp ferliest titelstriid

Muay Thai-fjochter Peter Dollenkamp fan Snits is der sneontejûn net yn slagge Europeesk kampioen Muay Thai te wurden. Yn de klasse ûnder de 67 kilo ferlear Dollenkamp fan de Thaise Hongaar Saphaprom Sophaprom. Yn de earste ronde gie de Snitser knock-out.
Der wie wol súkses foar in oare Snitser. Sicco Postma waard nammentlik Nederlânsk kampioen yn de klasse ûnder de 85 kilo. Hy wie yn trije ronden te sterk foar de Hongaar Acs Márton.