Frou út Wolvegea fermist

08 okt 2006 - 11:49

Sûnt freedtemiddei wurdt de 49-jierrige Neeltje Sanduhan-de Vries út Wolvegea fermist. De frou stapte om in oer as fiif yn swier depressive tastân op 'e fyts. Sûnt dy tiid is neat mear fan har fernaam.

De plysje hat sneon mei in helikopter socht by natuergebiet de Linde by Wolvegea, mar dat hat neat opsmiten. De plysje tinkt dat de frou noch yn de buert fan Wolvegea is. Frou Sanduhan is op in swarte widdofyts fuortgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)