Oeral binne bisten

Yn it eardere suvelfabryk fan Marrum is sneon in ekspoysje fan it wurk fan keunstner Machiel Braaksma iepene. Hy makket bisten fan sokken, foarken, skroefkes of kamen. De namme fan 'e útstalling is 'Oeral binne bisten'.
It wurk fan Braaksma wurdt yn it ramt fan 'e berneboekwike ek yn in boekje bondele. De keunstner sjocht yn dingen yn of om it hûs hinne bistefoarmen. De eksposysje duorret noch de hiele moanne oktober.