Bosk Beetstersweach te drok

07 okt 2006 - 17:29

It wurdt te drok yn de bosken fan Beetstersweach, fine de eigners. Se meitsje harren dêr grutte soargen oer. Hieltyd gruttere kloften besikers yn it wykein hâlde net altyd genôch rekken mei de natuer.

De eigners wolle no in mienskiplik behearskplan meitsje, mei in soad omtinken foar it tafersjoch. It nije plan moat takom jier klear wêze. No moat elke eigner noch syn eigen stik yn 'e gaten hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)