Fiif winners Rely Jorritsmapriis

De Rely Jorritsmapriis hat dit jier fiif winners foar it bêste Frysktalige ferhaal en fers. Ytje Hoekstra, Sytse Jansma en Elmar Kuiper krigen elk twahûndert euro foar harren gedicht. Sipke de Schiffart en Oene Spoelstra krigen elk achthûndert euro foar harren koarte ferhalen.
De seremoanje wie lykas altyd yn it tsjerkje fan Bears. Rely Jorritsma liet eartiids it prizejild ynstelle om de Fryske literatuer te stypjen.