20 boetes by drankkontrôle

07 okt 2006 - 15:11

Tweintich autobestjoerders hawwe freedtenacht in boete krigen om't se mei drank op achter it stjoer sieten. De plysje sette goed tûzen auto's oan de kant.

Fan 'e tweintich drankriders moasten seis it rydbewiis ynleverje. Ien naaide út doe't er de plysje seach. Hy sprong út 'e auto en draafde fuort. De plysje gie der achteroan en koe de 20- jierrige Harnzer eefkes letter oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)