Yousef wint yn Drachten
Saher Yousef hat krekt as ferline jier de heale maraton fan Drachten wûn. De Feanster kaam yn in tiid fan 1.13.04 oer de streek. Dêrmei wie er 1.40 rapper as ferline jier. Stefan van der Pal út Ljouwert waard twadde yn 1.17.03.It tredde plak wie foar Heerke Postma fan de Blesse.
By de froulju wûn Yvonne Kassenberg út Burgum. Se rûn de heale maraton fan Drachten yn 1.29,40.