Haven Harns mooglik útwreidzje

07 okt 2006 - 11:50

De haven fan Harns kin mooglik dochs útwreidzje rjochting Waadsee. In krappe mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat tastean, sa seit CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma.

Ek oare beheinings yn de nije Planologyske Kearnbeslissing Waadsee wurde mooglik skrast, lykas in maksimaal tal lisplakken en it útdjipjen fan fargeulen. Moandei praat de Twadde Keamer deroer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)