Undersyk oft pontsje Burd útkin

07 okt 2006 - 11:49

De gemeentlike rekkenkeamer fan Boarnsterhim sil ûndersykje oft de fearpont fan Grou nei it eilân de Burd noch te brûken is foar it jild dat de gemeente dêr foar oer hat. Op it stuit moat der alle jierren in slompe jild by, want it bedrach dat de gebrûkers no betelje om oan de oare kant te kommen, is lang net genôch.

Dochs wol de gemeente der nochris 100.000 euro op besparje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)