Beammereservaten by Appelskea

© Omrop Fryslân
Yn nasjonaal park it Drents Friese Wold, by Appelskea, komme reservaten foar denne- en sparrebeammen. Dat hat Steatsboskbehear ôfpraat mei de aksjegroep De Woudreus.
Ek wurde der tenei net mear hiele perselen bosk yn ien kear omhelle. As de bosk ferjonge wurde moat, bart dat tenei folle foarsichtiger. De Woudreus hat in skoftlang aksje fierd tsjin Steatsboskbehear, fanwege de beammekap.