Mokselfiskerij mei earst noch

© Omrop Fryslân
Mokselkwekers meie foarearst fiskjen bliuwe op moksels yn de Waadsee. De Steatsrie hat freed alle beswieren fan de Feriening Fûgelbeskerming Nederlân ôfwiisd.
De Fûgelbeskerming hie beswier oantekene tsjin de fiskerij op kweekperselen, omdat se benaud binne dat hjirtroch de eiderein net genôch iten hat. Eidereinen binne gek op moksels. It fiskjen op moksels giet noch troch oant de ein fan dit jier.