Dûnsestafette yn Fryslân

Safolle mooglik bern oan it dûnsjen krije. Dat is it doel fan de dûnsestafette dy't freed holden is yn Fryslân. De estafette is dit jier de start fan de dûnswike.
Dûnsers as Grietine Molenbuur en Nynke van Duinen joegen les yn Drachten, De Lemmer, Snits en Ljouwert. De ferskate dûnsers wiene op syk nei 'de moaiste beweging'. Freedtejûn is noch in grutte dûns opfierd yn 'e Harmonie yn Ljouwert.