Gefaarlike situaasjes op brêge

© Omrop Fryslân
De ferienings fan doarpsbelang fan Koatstertille en Droegeham wolle dat de paralleldyk op de brêge oer it Prinses Margriet-kanaal sletten wurdt foar auto's. Se hawwe hjir by de gemeente op oantrune.
Der ûntstean gauris gefaarlike situaasjes. De paralleldyk en de gewoane dyk rinne flak neist elkoar, sadat fytsende bern troch frachtweinen út balâns reitsje kinne. Tagelyk kinne se ynhelle wurde troch in oare auto.