Fúzje seilmakkerijen De Vries

06 okt 2006 - 12:35

Der komt in fúzje tusken de seilmakkerijen fan De Vries yn Grou en De Vries yn Makkum. Doel is dat de festiging yn Grou op termyn sletten wurdt en de beide bedriuwen gearfoege wurde yn in nij bedriuw yn Makkum.

By de festiging fan De Vries Sails yn Grou wurkje tweintich minsken en yn Makkum wurkje tsien minsken. Alle minsken bliuwe nei de fúzje wol oan it wurk by De Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)