Undernimmerspriis foar Paques

06 okt 2006 - 11:44

It bedriuw Paques fan Balk hat de Care & Profit Prize 2006 wûn. Dat is in nasjonale priis foar maatskiplik ferantwurde ûndernimmen, dy't om it jier útrikt wurdt troch ING en Good Company. Paques hat de priis krigen, om't se in goed personielsbelied ha en in goede omgong mei sakepartners.

Sterk punt is ek dat se klanten yn de gelegenheid stelle ekonomyske foarútgong en ekologyske ferantwurdlikheid te kombinearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)