Airbags stellen út nije auto's

06 okt 2006 - 10:10

Op yndustryterrein Businesspark op It Hearrenfean binne yn de nacht nei freed út mear as tritich nije auto's de airbags stellen. De auto's stiene by ferskate garaazjebedriuwen en waarden allegear iepen brutsen.

De skea rint yn de tsientûzenen euro's. In meiwurker fan in koeriersbedriuw ûntduts de stellerij. De plysje fermoedet dat de airbags op bestelling stellen wurde en ferhannele wurde nei East-Europa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)