Plysje siket oerfaller Snits

06 okt 2006 - 09:56

De plysje siket de man dy't tongersdeitejûn de Aldi oan it Normandiaplein yn Snits oerfallen hat. Tsjin njoggenen kaam de man de winkel yn, hy frege om jild en drige dêrby mei in wapen. Hy skeat dêrmei in kear yn de loft.

Hy sette dêrnei ôf mei twa jildkassettes yn in boadskippetas fan de Aldi. Hy fytste yn de rjochting fan de Zwette. De plysje hat in sykaksje hâlden, mar hat de man net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)