Famkes oanriden yn Harns
De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan in 80-jierrige automobiliste út Harns. De frou drukte tongersdei yn har wenplak ynstee fan de rem it gaspedaal yn. Se ried dêrtroch twa fytsende famkes oan.
Ien fan de twa rekke sa slim ferwûne dat se oerbrocht wurdt moast nei it sikehûs. It oare famke rekke ek ferwûne, mar hoegde net behannele te wurden.